SP oan de winnende hân

© Omrop Fryslân
De SP liket ynearsten de grutte stimmelûker fan de Steateferkiezings te wurden. Yn Snits gie de partij omheech fan seis nei tolve prosint. Yn Opsterlân wie de winst fiif prosint en op It Amelân 3,4. Yn Boarnsterhim krijt de SP der 3,9 prosint by en yn Harns 8,2 prosint. Op Skylge is de winst foar de SP goed 6 prosint.
Neffens kommissaris Nijpels is it 'Marijnisse-effekt' ek yn Fryslân te fernimmen.