Noordhuis: 2de sulveren ljip

De 37-jierrige Christiaan Noordhuis fan Boalsert krige woansdei út hannen fan Kommissaris Nijpels syn twadde sulveren ljip. Noordhuis is de alderearste aaisiker dy't foar de twadde kear it earste ljipaai fynt.
Noordhuis die dat earder yn 2003. Nijpels lottere it twake dat Noordhuis fûn by Spannenburch. De Boalserter is lid fan 'e Boalserter fûgelwacht, dy't dit jier 60 jier bestiet.