Opkomst 16.00 oere 25 prosint

© Omrop Fryslân
De opkomst by de Steateferkiezings lei om fjouwer oere gemiddeld op 25 persint. De gemeente Ljouwert meldt in opkomst fan rûchwei 21 persint, wylst Menameradiel op 27 persint siet. De measte stimburo's sizze dat it opkomstpersintaazje krekt ûnder it gemiddelde fan fjouwer jier lyn leit.
De stimbussen binne noch oant njoggen oere jûns iepen. Yn 2003 lei it opkomstpersintaazje yn Fryslân op 58 persint, tsjin 47 persint lanlik.