Opkomstpersintaazje 12 oere

© Omrop Fryslân
It opkomstpersintaazje by de Steate- ferkiezings yn Fryslân lei om tolve oere woansdeitemiddei tusken de 10 en 15 persint. Utsjitter wie Menameradiel mei 18 persint, Ljouwert kaam op 9.
Om studinten maklik stimme te litten rydt der in mobyl stimburo by de skoallen del. De stimbussen binne noch oant njoggen oere jûns iepen. By de ferkiezings yn 2003 helle Fryslân in opkomst fan 58 persint, lanlik wie dat 47 persint.