Oanhâlding yn stellen laptops

07 mrt 2007 - 11:00
Foto: Omrop Fryslân

De resjerzje hat in 45-jierrige man út Warfstermole oanhâlden foar heling fan in grutte partij laptops. De stellen laptops waarden oanbean op Marktplaats op ynternet. De fertochte wurket by in transportbedriuw op Skiphol.

Yn deselde saak is al earder in 61- jierrige meiwurker fan it transport- bedriuw oanhâlden. Mooglik folgje der mear oanhâldings. De laptops wiene bestimd foar de Frânse merk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)