Skiep krijt opnij fiif lamkes

In grutske mem mei 5 lamkes
It skiep fan Piet ter Schuur fan Aldeberkeap is in útsûnderlik bist. Ofrûne snein krige it bist 5 lamkes. En dat wie net foar it earst, de ôfrûne 5 jier hat se allinne mar mearlingen krigen: ien kear sels 6 stiks.
Ter Schuur hat al jierren skiep, mar dizze is wol hiel bysûnder. Mem is ek fan dizze befalling wer aardich bekaam en stiet no noch binnen mei de 5 lytskes.