Skoalle Heechterp útbaarnd

06 mrt 2007 - 23:13

Oan de Acaciastrjitte yn de Ljouwerter wyk Heechterp is tiisdeitejûn in leechsteande skoalle útbaarnd. Omdat de skoalle earder troch dakleazen brûkt waard as skûlplak, wiene plysje en brânwacht earst benaud dat der noch minsken yn it gebou wiene.

It wie in grutte brân. Dêrtroch koene branwachtminsken net nei binnen. Doe't de brân ûnder kontrôle wie, die bliken dat der net ien mear yn it gebou wie. Tocht wurdt oan brânstifting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)