'Wymbrits moat weryndield'

© Omrop Fryslân
Wymbritseradiel moat it ferset tsjin in fúzje mei Snits stake, en krekt oanstjoere op in heryndieling mei dy stêd en mei de gemeenten Gaasterlân- Sleat, Nijefurd. Dat skriuwe de Wâldseinster ûndernimmers Jos Paques, Johannes Kuipers en Paul Wigman yn in iepen brief oan de gemeenteried.
Wymbrits hat de lêste tiid rûnom praatjûnen hâlden om it gemeentlike stânpunt tsjin de fúzje mei Snits oan de ynwenners foar te lizzen.