CDA wol ek earder op stap

© Omrop Fryslân
CDA Fryslân stipet de aksje fan twa memmen út Sigerswâld: kroegen en diskoteken moatte earder ticht.Sa'n 2700 minsken hawwe yntusken de petysje tekene op de webside fan Hannie Gorter en Myriam Loonen, vroegopstap.nl. It is fan de gekke dat de jongerein tsjin 12en nachts de doar útgiet en moarns tsjin 6en wer weromkomt.
It CDA tinkt der krek sa oer en sil him der sterk foar meitsje dat der ek wat oan dien wurdt.