Massafaksinaasje 9-jierrigen

© Omrop Fryslân
De GGD set ynkoarten útein mei in grut ynintingsprogramma foar alle achttúzen Fryske bern dy't 9 jier âld binne. De mienskiplike sûnenstsjinst sil de jonges en famkes dy't yn 1998 berne binne de saneamde BMR en DTP-prikken jaan.
Der wurdt faskineard tusken 12 maart en 4 april. De organisaasje hat ûnderfining mei in massafaksinaasje. In pear jier lyn binne tsientuzen bern yninte tsjin meningokokken.