Siler Postma yn kearnploech

06 mrt 2007 - 20:32

Siler Pieter Jan Postma fan Terkaple is opnommen yn de kearnploech fan bûnscoach Jaap Zielhuis. De 25-jierrige Postma dy't útkomt yn de Finn-klasse makket dermei kâns op dielname oan de Olympische Spelen fan 2008 yn Beijing.

Postma is de fiifde Fries dy't yn de kearnploech sit. Dêr sitte al fjouwer Fryske froulju út de Yngling-klasse yn. Yn july op it WK yn Portugal wurde de plakken foar de Spelen ferdield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)