Redaksje Wis-In hâldt op

De folsleine redaksje fan it keatsblêd 'Wis-In' hâldt der mei op. It bestjoer fan de KNKB wol net fierder mei einredakteur Jan Braaksma. Der soe gjin betrouwen mear wêze.
Earder kaam der ek al in ein oan de gearwurking tusken Braaksma mei syn webside (www.knkb.nl) en it keatsbûn. De oare redaksjeleden stean achter Braaksma en hâlde der no mei op. Sadwaande sille de abonnees wachtsje moatte op it maart-nûmer fan 'Wis-In'.