Hells Angels Harns net ferbean

It gebou fan de Hells Angels yn Harns
De Hells Angels yn Harns wurde net ferbean. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert tiisdeitemiddei bepaald. It iepenbier ministearje hie de rjochtbank dêr yn jannewaris noch wol om frege. Justysje wol besykje om alle Nederlânske ôfdielings fan de Hells Angels te ferbieden.
Justysje fynt dat de motorclub net yn de Nederlanske mienskip thús heart, omdat de organisaasje him dwaande hâlde soe mei kriminele aktiviteiten.