Dochs straf foar drankriders

Hûnderten drankriders moatte der rekken mei hâlde dat se dochs in straf krije fan justysje. Dat is it gefolch fan in útspraak fan it Ljouwerter gerjochtshôf. It hôf behannele twa wike lyn in saak tsjin twa autoriders dy't frijsprutsen waarden omdat de blaastest net legitym wêze soe, omdat de aginten gjin goeie beskikking hiene om de test ôf te nimmen.
It hof hat no útsprutsen dat sa'n beskikking net perfoarst nedich is.