Weblog foar bestjoer T'diel
It hiele kolleezje fan de gemeente Tytsjerksteradiel sil fia de ynternetside fan de gemeente alle fjirtjin dagen in artikel publisearje oer in ûnderwerp dat har nei oan it hert leit. It giet hjir om in foarm fan webloggen. Doel is om it petear oan te gean mei de mienskip.
Besikers kinne in reaksje achterlitte op in artikel. Yntusken hawwe alle fiif kolleezjeleden in bydrage levere.