Polderhoofdkanaal wer iepen

05 mrt 2007 - 17:24
Polderhoofdkanaal wurdt wer iepensteld foar skipfeart

Takom jier moatte wer boaten troch it Polderhoofdkanaal by Nij Beets farre. Moandei waard in oerienkomst tekene tusken de gemeenten Smellingerlân en Opsterlân oer it weriepenjen.

It kanaal moat in trochgeande rûte foar de skipfeart wurde. Dêrfoar wurde njoggen brêgen ferhege en slûzen wer iepen set. Ek wurdt it kanaal útbaggere. De ferwaching is dat op termyn jierliks mear as 5000 boatsjes troch it kanaal farre sille.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)