Oerienkomst Sintrale As tekene

05 mrt 2007 - 16:11

Deputearre Baas is net wiis mei de útspraak fan CDA-listlûker Galema. Dy wol de plannen foar in nije rûnwei om Garyp nochris besjen om't in grut part fan it doarp tsjin is. Neffens Baas sille oanpaste plannen neidielich útfalle foar it doarp.

Moandei is de oerienkomst foar de oanlis fan de Sintrale As ûndertekene. De oanlis fan in nije rûnwei om Garyp makket dêr diel fan út. De Sintrale As ferbynt Dokkum mei de Wâldwei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)