Harkemaster ferwûne by ûngelok

© Omrop Fryslân
In jonge (16) fan De Harkema is sneintejûn swier ferwûne rekke by in oanriding yn Surhuzum. Hy ried op syn scooter doe't er troch noch ûnbekende oarsaak op in auto botste. It traumateam fan it UMCG yn Grins hat him stabiliseard en meinaam nei Grins. In jonge achterop wie licht ferwûne.
De bestjoerder (33) fan de auto wie nei it ûngelok trochriden. De plysje hat him thús yn Stynsgea oanhâlden. It die bliken dat er tefolle dronken hie.