'Groei bio-yndustry opkeare'

© Omrop Fryslân
De Stichting Wakker Dier wol groei fan bio-yndustry yn Fryslân opkeare. Dat soe it nije kolleezje fan Deputearre Steaten dwaan moatte yn streekplannen en troch kontrôle op bestimmingsplannen fan gemeenten.
Neffens Wakker Dier is it tal fleishinnen yn Fryslân yn de ôfrûne tsien jier tanaam mei 54 prosint. Fryslân is dêrmei de provinsje mei de grutste groei. Fan fleiskeallen kamen der twa kear safolle.