Podden kinne feilich dyk oer

05 mrt 2007 - 10:42

Yn Oranjewâld is de oplossing fûn om deade podden foar te kommen. De Bieruma Oostingwei is yn it poddetrekseizoen fan 19.00 oant 7.00 oere ôfsletten foar ferkear.

As it waarmer en fochtiger wurdt, lûke podden nachts nei it wetter om te pearjen. By it oerstekken komme in soad podden om. Nei alle gedachten is it poddetrekseizoen begjin april foarby en kin de dyk nachts wer iepen. De dyk wurdt alle jierren ôfsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)