Grien Links tsjin sâltwinning

05 mrt 2007 - 09:25

Nei de SP wol no ek de Twadde Keamerfraksje fan Grien Links dat de sâlt- en gaswinning yn it noardwesten fan Fryslân stopset wurdt. De partij ropt de ministers fan ekonomyske saken en miljeu dêrta op. Grien Links is besoarge omdat de grûn folle mear sakket as ferwachte. By Frjentsjer is de grûn al mei 13 sintimeter sakke.

De delgong soe mar 8 sintimeter wêze, mar kin yn de takomst wol 17 sintimeter wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)