Dokkumers oppakt foar dieverij

04 mrt 2007 - 15:13
Foto: Omrop Fryslân

Twa Dokkumers fan 26 en 38 jier binne yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden foar stellerij. De beide manlju soene in greep dien ha yn de kassalade fan in kroech oan de Van der Poartstrjitte yn Dokkum.

Se naaiden dêrnei út, mar koene letter yn harren wente oanhâlden wurde. In 26-jierrige frou út Burgum hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)