Boete foar drinke op strjitte
In 27-jierrige Ljouwerter is sneontenacht beboete foar it drinken op de iepenbiere dyk. De Ljouwerter rûn oer de Nijstêd mei in flesse drank.
Doe't de plysje him dêr op oansprekke woe, besocht er út te naaien. Dat slagge lykwols net. De man hie ek gjin identifikaasje by him. Tsjin de Ljouwerter is proses-ferbaal opmakke.