Ferskate mishannelings

© Omrop Fryslân
In 23-jierrige Drachtster is sneon oanhâlden neidat er op de Noardkade yn 17-jierrige frou nei in skeldpartij yn inoar slein hie. De frou, ek in ynwenner fan Drachten, rûn dêrby in brutsen noas op. It is net dúdlik wêrom at de beide spul hiene.
Yn de Van Baerdtstjitte yn Wolvegea is in 23-jierrige man út dat plak oanhâlden. Hy hie eefkes dêrfoar fjouwer tosken út de mûle fan in ynwenner (27) fan Gruttegast slein.