Auto rydt sleat yn by De Hoeve
In 18-jierrige automobilist fan Aldeholtpea is sneon mei syn auto yn de sleat riden. De man ried tegearre mei trije ynsittenden oer de Finkegeawei by De Hoeve en rekke yn 'e slip.
Dêrtoch hie hy gjin macht mear oer it stjoer en bedarre yn de feart. Alle ynsittenden kamen mei de skrik frij. De auto rekke folslein fernield.