Eigner hegedrukspuit socht

04 mrt 2007 - 14:36
Foto: Omrop Fryslân

De plysje fan It Hearrenfean siket de eigner fan in giele hegedrukspuit. De spuit waard sneon yn beslach nommen by in 38-jierrige Ljouwerter. Dy hat 'm earne yn it sintrum fan It Hearrenfean stellen.

De dief wegeret te sizzen wer't er 'm wei hat. Minsken fan It Hearrenfean dy't dus in giele hegedrukspuit misse, kinne har melde by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)