Kuorbal: Drachten spilet lyk

04 mrt 2007 - 12:19

Yn de oergongsklasse A fan de kuorbalkompetysje is de kampioen noch altyd net bekend. Drachten spile sneontejûn yn de lêste kompetysjewedstriid ûnferwacht mei 13-13 lyk tsjin DFD en hat no like folle punten (18) as CSL.

In beslissingswedstriid tusken beide ploegen sil no bepale moatte wa't takom jier yn de haadklasse spilet. It is op it stuit noch net bekend wêr't dy wedstriid spile wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)