Kramer ferbetteret wrâldrekord

Sven Kramer (argyf)
Sven Kramer hat sneon by de wrâldbekerwedstriden yn Calgary syn eigen wrâldrekord op de 5000 meter ferbettere. De wrâldkampioen allround kaam yn de Olympic Oval ta in tiid fan 6 minuten, 7 sekonden en 48 hûnderste.
Kramer wûn dêrmei ek de wrâldbeker fan it kombinearre klassemint fan de fiif en tsien kilometer. It wie de earste kear dat de hurdrider út Aldskoat in wrâldbeker wûn. Kramer is ek wrâldrekordhâlder op de 10 kilometer.