Westra sechsde yn Swolle
Lieuwe Westra fan Mûnein is sechsde wurden yn de 47ste edysje fan de Ster fan Swolle. Dennis Smit waard earste neidat hy de sprint wûn fan in kopgroep fan trije man. Westra siet yn de efterfolgjende groep.
Nei tsien kilometer wie der in grutte falparty. Germ van den Burg fan Nijlân wie der ek by belutsen. Hy is nei it sikehûs ta brocht en hat syn earmtakke yn it gips.