Harkemase Boys ferliest

Harkemase Boys is tsjin in pynlike nederlaach oprûn. Thús waard mei 0-3 ferlern fan Berkum. Dy ploech stie tolfde. De Harekiten wiene net folle minder. Koart foar rêst makke Erwin van Leur de earste goal. Nei rêst makke hy ek de 2-0 en doe wie it oer.
De ploech fan trainer Fritz Korbach stiet no njoggende mei achttjin punten út santjin wedstriden. De haadklassewedstryd WHC-ONS Snits waard ôflast.