Botsing yn Ljouwert
In 48-jierrige ynwenner fan Dronryp is freed mei nekklachten nei it sikehûs brocht. Hy wie yn Ljouwert fan achteren oanriden.
De man stie mei syn auto stil op de James Wattstrjitte. Fan achteren kaam in bestelbuske, mar de bestjoerder dêrfan seach net dat de auto stilstie. Dêrtroch folge in oanriding. Beide auto's binne fuortsleept.