Man út auto befrijd

© Omrop Fryslân
De brânwacht hat freed in man fan 57 út Feankleaster út syn auto helle nei in oanriding. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht.
It ûngelok barde op de Boltawei by Eanjum. It slachtoffer woe linksôf slaan, mar seach dêrby in auto út Peazens oer de holle. Troch de botsing dy't folge bedarre dy auto yn de sleat. De bestjoerder rekke net ferwûne. Beide auto's binne fuortsleept.