Klachtemeldpunt bus en trein

03 mrt 2007 - 14:11

De provinsje Fryslân begjint heal april mei in nij ûnôfhinklik klachtemeldpunt foar it iepenbier ferfier. Dy klachten oer it bus- en treinferfier kinne tillefoanysk, mar ek fia de e-mail melden wurde.

De klachten geane nei in ynstelling yn Grins. Dy stapt mei de klacht nochris nei de ferfierder ta. As dy de klacht dan wer net goed oppakt, komt de provinsje yn aksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)