Karim weromsetten nei twadde

03 mrt 2007 - 12:56
Bovar Karim

Bovar Karim is weromsetten nei de twadde seleksje fan Cambuur. De 22-jierrige oanfaller is troch de technyske stêf om dissiplinêre reden skorst. Foar hoe lang de Sweed skorst is en hoe lang hy net útkomme sil foar it earste, is noch net wis.

Karim spile oant no ta 51 wedstriden foar de Ljouwerters. Dêryn skoarde hy sân kear.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)