Cambuur wint fan FC Dordrecht

02 mrt 2007 - 22:49

Cambuur Ljouwert hat freedtejûn FC Dordrecht ferslein mei 4-2. Cambuur kaam yn de earste helte op foarsprong troch in eigen doelpunt. Ek krigen de Ljouwerters in strafskop dy ynsketten waard troch Jeroen Ketting.

Yn de twadde helte kaam FC Dordrecht binnen 10 minuten op 2-2. Cambuur hie fearkrêft en skoarde noch twa kear. Barry Hoogeveen makke de 3-2 en Jeroen Ketting makke mei in kopbal 4-2.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)