Pechtold is no ek in Fries

02 mrt 2007 - 17:09

Alexander Pechtold is sûnt freed ek in Fries. De lieder fan D66 krige fan sintrum Tûmba in eigen Frysk paspoart. Tûmba-direkteur Ate de Jong woe sa in statement meitsje tsjin de Partij voor de vrijheid fan Geert Wilders.

Wilders tsjinne tongersdei by it debat oer it regearakkoart in moasje yn tsjin twa steatssekretarissen mei in dûbele nasjonaliteit. Dy hat Pechtold dus no ek. Hy is net fan doel der ôfstân fan te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)