2e fertochte Ooms langer fêst

02 mrt 2007 - 16:49

De man (21) dy't dizze wike yn Amsterdam oppakt is yn ferbân mei de dea fan Ooms út Haulerwyk bliuwt noch twa wiken fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris freed besletten. De man hie him earder al ris by de plysje fan Amsterdam meld, mar wie al wer út foardat se mei him praat hiene.

Ooms waard yn oktober dea fûn yn syn hûs. Sûnt novimber sit der ek al in oare fertochte (21) fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)