Oanlis haven Terherne begûn

02 mrt 2007 - 12:39

Yn Terherne is begûn mei de oanlis fan in haven. De plannen foar in haven foar klassike skippen binne al seis jier âld. Der komme lisplakken, fakânsjehúskes en in oerkape hal.

It kostet goed fjouwer miljoen euro. In grut part dêrfan komt út subsydzjes fan it Frysk Marreprojekt. Oer dat jild wie polityk in soad argewaasje. Omwenners binne benaud foar ferkearsoerlêst. Swier materiaal en ark wurdt no oer wetter oanfierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)