Alvestêderûte befarber makke

noardlike alvestêderûte wurdt befarber makke
De kâns dat boaten takom jier farre kinne fia de noardlike alvestêderûte is grutter wurden. Der is in oplossing fûn foar it tekoart fan trije miljoen euro. Dat ûntstie doe't in bydrage fan it SNN net trochgie.
It jild komt no fan de provinsje foar it stik Berltsum-Bartlehiem. Ek wurdt der jild ferwachte fan it wetterskip. Yn de rûte moatte twa slûzen komme, by Wier en by Alde Leije. Dy wurde takom jier oanlein.