Racing Expo yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Der komt wer in Racing Expo yn it WTC-Expo. Op 10 en 11 maart wurdt yn Ljouwert in auto- en motorsportbeurs hâlden. Blikfanger is de Dakar Rally truck fan winner Hans Stacey. Mar ek it Fryske Dakarteam fan Marcel Schoo en Roelof Konings is oanwêzich.
Fierders is der oandacht foar karten, mini-bikes en it racen mei combines en gersmeanders. De Racing Expo wurde troch de koereurs sjoen as de iepening fan it raceseizoen.