Hynstedraverij op tv mei net

01 mrt 2007 - 22:22
gjin hynstedraverijen op televyzje

De plannen foar it útstjoeren fan de hynstedraverijen fan Wolvegea op televyzje gean earst net troch. SBS6 woe der fan 't simmer mei begjinne, mar it ministearje fan Justysje hat der in stokje foar stutsen.

SBS6 woe it mooglik meitsje om fia ynternet en mobile tillefoan op de wedstriden te wedzjen, mar it ministearje wol net lije dat der op dy wize reklame foar it gokken makke wurdt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)