Pykjes greidefûgels beskermje

01 mrt 2007 - 22:12

Boeren soene by it meanen fan it lân mear rekken hâlde moatte mei de piken fan greidefûgels. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW), komt dêrom fan 't maaitiid mei in foarljochtingskampanje.

It Bûn wol de boeren sa fier krije dat se oan de sleatskanten grutte banen net meane. Dêr soene dan de pykjes oerlibje kinne. De trije meter brede banen mei heech gers soene de pykjes benammen yn de earste trije wiken fan harren libben beskermje moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)