Frjentsjer wol net sakje

© Omrop Fryslân
Frjentsjerteradiel sil alles op alles sette om fierdere boaiemdelgong ûnder Frjentsjer foar te kommen. Dat seit wethâlder Lieuwe Miedema. Ut in brief fan it wetterskip oan it ministearje fan Ekonomyske saken docht bliken dat de grûn troch gaswinning hurder sakket as ferwachte.
De grûn yn en om Frjentsjer soe maksimaal 8 sentimeter sakje, mar dat is no al 13 sentimeter. It foech oer gaswinning leit by Ekonomyske Saken.