Fertochte saak-Ooms oanholden

© Omrop Fryslân
Justysje hat tiisdei yn Amsterdam in twadde fertochte oanhâlden yn de saak Ooms. It giet om in man (21) dy't him earder al meld hie op it plysjeburo yn Amsterdam. Doe't de plysje mei him prate soe, wie de man al wer fuort.
Justysje fertinkt de man fan belutsenheid by de moard op Marinus Ooms. Freed wurdt er foarlaat oan de rjochterkommissaris. Marinus Ooms waard 11 oktober ferline jier dea fûn yn syn sliepkeamer yn Haulerwyk.