Nijpels ropt jeugd nei stimbus

01 mrt 2007 - 14:34
Foto: Omrop Fryslân

In 30 tûzen jongeren yn Fryslân krije dizze wike in brief fan de provinsje wêryn't kommissaris fan de keninginne Nijpels se opropt om te stimmen. It giet om jongeren dy't foar it earst stimme meie. De 30 tûzen stimmen binne goed foar fiif fan de 43 sitten dy't de nije Steaten foarmje sille.

Yn de brief besiket Nijpels de provinsjale polityk tichter by de jongeren te bringen. Hy giet û.o. yn op jeugdsoarch, sport en kultuer.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)