Pleatslik Belang stiet faai

01 mrt 2007 - 14:09

Pleatslik Belang Easterwâlde hâldt nei alle gedachten op te bestean. De feriening is mear as hûndert jier âld, mar der binne te min frijwilligers om de feriening yn stân te hâlden.

Aldere ynwenners fan it doarp hâlde stadichoan op mei it frijwilligerswurk en jongere opfolgers binne der net. It beslút om dermei op te hâlden, is dizze wike op in ledefergadering bekendmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)