Reklamebus fan hotel fernield

Hotel Amicitia yn Snits hopet mei in beleaning fan 1000 euro de fernieling fan in oldtimerbus op te lossen. Op de bus stiet reklame foar it hotel.
Amicitia hat de alde legerambulânse opknappe litten en op ferskate plakken delset as blikfanger. Dit wykein is it by Skearnegoutum misgien. Unbekinden hawwe de ruten der útslein en de lampen fernield. Fierder sitte der grutte krassen op de lak. De skea is 7000 euro.