Fertochte saak-Lulofs frij

© Omrop Fryslân
De man dy't belutsen wêze soe by de dea fan Reinder Lulofs moat fuortendalik frijlitten wurde. Dat hat de rjochtbank woansdei besletten.
Tiisdei waard bekend dat de plysje op 13 febrewaris in 43-jierrige man út Twizelerheide yn de saak-Lulofs oanhâlden hie. It OM giet tsjin de beslissing fan de rjochtbank yn berop. De rjochter fynt dat der te min reden is om de man noch langer fêst te hâlden. De man bliuwt fertochte.