Helikopter fersteurt skiep
By biologysk boer Thom de Groot hat in helikopter foar grutte opskuor ûnder it fee soarge. Letter die bliken dat de helikopter in miljeukontrôle fan de provinsje oan it útfieren wie.
Skiep dy't yn it lân rûnen, rekken sa oeral dat in stik as wat te betiid begûn te lamjen. It fee yn de beide stâlen stode trochinoar hinne.