'Oare soarchoanbieders better'

© Omrop Fryslân
De priis en de kwaliteit fan de thússoarch fan oare soarchynstellings is better dan dy fan Interzorg út Ferwert. Dat is de reden wêrom de gemeenten yn noardeast-Fryslân, de saneamde NOFA-gemeenten, yn de takomst kieze foar oare soarchynstellings.
Dy gemeenten krigen krityk fan direkteur De Jong fan kristlike soarchferliener Interzorg út Ferwert. Se soene gjin rekken dermei hâlde, dat Interzorg de iennige kristlike is.